SNEON 18 MAART 2023 - MARTINITSJERKE BOALSERT

 SNEON 18 MAART 2023 -  MARTINITSJERKE BOALSERT

       IN MUZIKALE OADE OAN 5 JIER 11FOUNTAINS!                    EEN MUZIKALE ODE AAN...   

Yn 2018 kamen der alve fonteinen yn alve Fryske stêden, ûntwurpen troch alve keunstners út alve ferskillende lannen.

In ynternasjonaal keunstprojekt doe't Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa waard.


                                                         

Vijf jaar 11fountains in Friesland!


Kletterdei Konsert - 18 maart 2023

In kletterjend muzikaal programma as oade oan fiif jier 11fountains yn Fryslân!


NASKA Brass United û.l.f. Jan Vermaning en ynternasjonaal konsertoargelist Eeuwe Zijlstra hawwe in bysûnder konsert fersoarge yn de Martinitsjerke yn Boalsert, mei wurken fan û.o. Händel, Britten en Smetana, mar ek mei nij wurk spesjaal komponearre foar dit Kletterdei Konsert!


Alles stie yn it teken fan wetter: de muzyk, lûden en de moai ferljochte tsjerke. Wetterdûns wie der troch dûnsgroep Attitude fan Kunstencentrum Atrium - Cultuur Kwartier Sneek û.l.f. Jacqueline Veldhuis. Elbrich Ouderkerken droech har selsmakke gedicht foar!


It feestlike konsert waard iepene troch de deputearre fan Fryslân, Sietske Poepjes.

Konsert weromsjen op Omrop Fryslân Lês mear
Share by: