SNEON 18 MAART 2023 - MARTINITSJERKE BOALSERT

 SNEON 18 MAART 2023 -  MARTINITSJERKE BOALSERT

       IN MUZIKALE OADE OAN 5 JIER 11FOUNTAINS!                    EEN MUZIKALE ODE AAN...   

Goede doel - Wetterfoarsjennings yn Kameroen

Buea Town  - Kameroen - Afrika


By de oankeap fan tickets foar it Kletterdei Konsert en by de kollekte yn de tsjerke kin in donaasje dien wurde oan Live Build. Dizze organisaasje soarget foar de oanlis en it ûnderhâld fan in duorsum wettersysteem yn Buea Town yn it súdwesten fan Kameroen.


Live Build is yn 2007 oprjochte troch trije tweintigers, dy't harren no noch altyd frijwillich ynsette foar projekten yn Kameroen. Ien fan dy projekten bestiet út de oanlis en it ûnderhâld fan wetterfoarsjennings yn Buea Town om de libbensomstannichheden fan de lokale mienskip te ferbetterjen. Skjin drinkwetter wurdt tagonklik makke foar de ynwenners fan no, mar ek foar de takomstige generaasje. Lês mear...


By it Kletterdei Konsert waarden pakjes wetter sponsore troch EARTH concepts. Troch de kollekte en donaasjes waard € 425,- skonken oan harren partner-organisaasje Live Build, foar de oanlis en it ûnderhâld fan wetterfoarsjenningen yn Buea Town - Kameroen. Der kin noch hieltyd donearre wurde op rekkennûmer NL36 ABNA 0563 9787 67 op namme fan Live Build û.f.f. Kletterdei Konsert - 2023.


Giften en donaties gaan naar -Watervoorzieningen- in Buea Town - Kameroen!

Share by: