SNEON 18 MAART 2023 - MARTINITSJERKE BOALSERT

 SNEON 18 MAART 2023 -  MARTINITSJERKE BOALSERT

       IN MUZIKALE OADE OAN 5 JIER 11FOUNTAINS!                    EEN MUZIKALE ODE AAN...   

Meiwurkers

Musisy

Hinsz-oargel en koaroargel: Eeuwe Zijlstra


NASKA Brass United  û.l.f. Jan Vermaning:

Trompet: Marc Kaptijn, Andreas Oosterkamp, Bente Boots

Hoarn: Annet Koolhaas, Jan Krol, Chris Nicolai

Tromboane: Rafael Afonso, David Tyler

Bastromboane: Dominic Sierat

Tuba: Coen van den Bos

Perkusje: Menno Bosgra

Pauken: Roel Jan Jongsma


Dûns

Dûnsgroep Attitude - Kunstencentrum Atrium - Cultuur Kwartier Sneek

Lieding dûns en goreografy: Jacqueline Veldhuis


Gedicht

Gedicht 'Fiif jier 11Fountains yn Fryslân' troch Elbrich Ouderkerken [Lytse Gysbert Japicxpriiswinneres '21]


Iepening fan it konsert troch deputearre fan Fryslân - Sietske Poepjes

Produksje

Projekt- en saaklike lieding: Rieneke Speerstra


Muzikale lieding: Jan Vermaning

Arranzjeminten: Eeuwe Zijlstra en Marc Kaptijn


Ljochtûntwerp en technyk: Patrick Kramer

Lûdsûntwerp en technyk: Harry Zwerver


Technyk: Tjeerd Zijlstra, Nick Bangma, Pyke Kramer, Jasmijn Postma


Projektassistinsje en ûntfangst: Alie Falkena

Frijwilligers ûntfangst


Martinitsjerke Boalsert: Geert Berenschot en frijwilligers tsjerke






Produsint: Projektburo.frl



NASKA Brass United

û.l.f. Jan Vermaning

NASKA Brass United is in muzykensemble besteande út koperblazers, perkusje en pauken fan it 'Nationaal Symfonisch Kamerorkest'.


It ensemble stiet ûnder muzikale lieding fan Jan Vermaning, dy't studearre oan it Prins Claus konservatoarium yn Grins. Hy is trompettist by it NNO, dirigint en oprjochter fan it Nationaal Symphonisch Kamerorkest (NASKA) en is belutsen by lytse en grutte muzikale projekten yn binnen- en bûtenlân. 


By Kletterdei Konsert binne der wurken spile fan û.o. Händel, Britten, Susato en Smetana, mar wie der ek in spesjaal foar dizze gelegenheid komponearre stik troch Marc Kaptijn te hearren. 'De Fonteinen' is in klankgedicht foar koperkwintet, oargel en slachwurk, dat ynspirearre is op de alve fonteinen dy't de alve stêden fan Fryslân sûnt 2018 siere. Lykas de fonteinen symbolisearret it streamende karakter fan dit muzykstik de ferbûnens fan Fryslân mei it wetter.

Eeuwe Zijlstra

Hinsz- en koaroargel

Eeuwe Zijlstra studearre dosearjend- en útfierend musikus oan it konservatoarium yn Grins. Hy is fêste oargelist yn de Grutte Tsjerke yn Harns, de Menistetsjerke yn Grins en spilet op it oargel yn de Martinitsjerke en it iennichste konsertoargel fan Noard-Nederlân yn Grins. Eeuwe Zijlstra is konsertoargelist, sawol nasjonaal as ynternasjonaal. Hy wurdt omskreaun as: 'Orgelvirtuoos, muzikale duizendpoot en toetsentovenaar'. 


By it Kletterdei Konsert spile Eeuwe Zijlstra op it Hinsz-oargel út 1781 én it koaroargel yn de Martinitsjerke yn Boalsert.


'Never a dull moment!', sizze minsken dy't him spyljen hearre.

Dûnsgroep Attitude

û.l.f. Jacqueline Veldhuis - Kunstencentrum Atrium

Dûnsgroep Attitude dûnse earder by de fontein 'Onsterfelijke bloemen' yn Drylts. Under lieding fan de goreografy fan Jacqueline Veldhuis fan Kunstencentrum Atrium - Cultuur Kwartier Sneek, waard der by it Kletterdei Konsert in wetterdûns útfierd yn de prachtige beljochting en mystike sfear fan de Martinitsjerke.

Elbrich Ouderkerken

Gedicht 'Fiif jier 11fountains'

Elbrich Ouderkerken wûn yn 2021 de Lytse Gysbert Japicxpriis mei har gedicht 'de Berchein'. De priis wurdt ien kear yn de twa jier takend oan 'it bêste Fryske gedicht' troch in learling út groep 7 of 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. Nei har debút yn 2021 hat Elbrich no in selsmakke gedicht foardroegen oer -fiif jier 11fountains- yn Fryslân.


[Foto: Haye Bijlstra - Tresoar]

Share by: